"GLEON Y'E KEET" !!!

Geplaatst op: 04-03-2018 11:03:50

Sneon 17 maart 2018 hûskeamerteater ‘De Wier’ yn Koarnjum:
“GLEON Y’E KEET” !!!

Utjouwerij Regaad organisearret ‘Gleon yn ’e keet’: in toer by Fryske kroegen, lytse teaterkes en doarpshuzen del, mei skunnige ferhalen en readewankjemuzyk.

Sneon 17 maart 2018 lûkt masterferteller Douwe Kootstra alle registers iepen mei al it ûnfoege folksferhalemateriaal dat jo noait lêze of hearre mochten.

Folkssanger Sytse Sneekweek soarget dêrby foar in fijn stikje Sneker shockpop.

Neitiid kinne de wankjes noch moai efkes neigloeie mei it harkjen nei de lekkerste singeltsjes út it Nederlânsktalige ‘schuine’ genre.

It program begjint om 20.30 oere, teaterke iepen 20.00 oere.

De oanlieding foar de toer is de ferskining, op 3 novimber 2017, fan it earste Fryske boek mei ûnfatsoenlike folksfertellings: ‘De wiete poes, en oare ûnfoege folksferhalen’, fan Jurjen van der Kooi en Douwe Kootstra.

“Gleon yn’e Keet”

@ De Wier in Koarnjum, zaterdagavond 17 maart 2018.

Aanvang 20.30 uur, deur open 20.00 uur.

Entree €12,50 p.p.

Reserveren verplicht via bobdeboer@pinupsanddowns.com

of via 06-547631

Tags: