Elske Kampen wint Kultuerpriis Tytsjerksteradiel 2017

Geplaatst op: 04-07-2018 08:07:35

 

Dichteres en skriuwster Elske Kampen út Gytsjerk hat de Kultuerpriis 2017 wûn. Ut hannen fan kulteurwethâlder Rommert Dijk krige sy hjoed de priis, besteande út in sjek mei in wearde fan € 950,- en in oarkonde. De Kultuerpriis is foar dyjinge dy’t in oansprekkend wurk op it mêd fan kultuer levere hat. Dat kin op ferskaat mêd, lykas byldzjende keunst, literatuer, Frysk, ensafuorthinne. De priis wurdt om it jier útrikt en beskikber steld troch de gemeente.

Utstrieling bûten gemeente- en provinsjegrinzen

Elske Kampen debutearre yn 2010 mei de dichtbondel ‘Fan glês it brekken’. Dêr hat se de ‘Fedde Schurerpriis’ foar krigen. Dêrnei hat se de bondels ‘Man en Mem’ (2014) en ‘Ynbyld’ (2017) útbrocht. Njonken Frysktalige dichtbondels hat se ek ferskate twatalige dichtbondels en blomlêzings fan Nederlânsktalige poëzy útbrocht.

De sjuery wie ûnder de yndruk fan de kwaliteit fan de poëzy fan Elske Kampen en har stânfêstens hieltyd wer it passende wurd te finen foar it kleurich lânskip fan har gefoelens.

De konseptuele krêft fan Elske Kampen blykt út har hiele oeuvre. Mei har wurk draacht se ek by oan it ûntsluten fan de Fryske poëzy binnen en bûten de gemeentegrinzen en dy fan Fryslân. De sjuery hopet noch in protte fan Els Kampen te hearren.

De sjuery

De sjuery, besteande út mefrou Marian Hulshof (byldzjend keunstner), mefrou Paula Voorthuijsen (bestjoerslid St. Karakteristyk Tytsjerksteradiel) en de hear Henk Kloosterman (foarsitter fan it Observeum yn Burgum), hawwe Elske ta winnaar keazen.

Tags: