Nieuws
Ofslúting FNP-ferkiezingskampanje gemeente Ferwerderadiel
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
FERWERT - De FNP yn de gemeente Ferwerderadiel hat syn kampanje sneon ôfslúten mei in gearsit by riedslid Hanneke Jouta. Neffens listlûker Jaap Hijma hat it in goede kampanje west en hy betanke alle minsken foar harren ynset. Hy spriek de ferwachting út dat der foar de FNP in hiele geunstige útslach oan stiet te kommen en leaude net dat in soad minsken har beynfloedzje litte sille troch Haachske effekten. \"Foar ús as FNP-ers\", sa sei Hijma \"is Den Haach in stêd lykas alle oaren. Us woartels sitte stevich yn de Fryske klaai, wy hawwe net safolle mei \"Het Westen des Lands\"\".
Dat is by oare partijen gâns oars, dy wurde oanstjoerd troch de pommaranten yn Den Haach en moatte har hâlden en dragen dêr oan oanpasse. Wy sitte as FNP yn ús gemeente net by Balkenende, Bos of Rutte achterop de fyts, mar hawwe sels it stjoer yn hannen en bepale ús eigen koers. De FNP stiet in selsstannich Ferwerderadiel foar dat op in prakyske manear gearwurket mei oare gemeenten, mar is tsjin de wize wêr op at dit yn Middelseeferbân bart. In oar wichtich punt is dat de gemeente sakje moat op de list fan hege wenlêsten.
De FNP fynt boppedat dat it Frysker, griener, sosjaler, duorsumer en iepener kin. Frysk, dat wol sizze dat wy woartele binne yn de mienskip om ús hinne en dêr út wei mei iepen eagen yn de wrâld steane. Grien, dit hâldt yn dat wy noed stean wolle fan it lânskip yn ús gemeente. Sosjaal, dit betsjut net allinne dat wy opkomme wolle foar de minsken dy't soarch nedich hawwe en de minima, mar ek foar oaren. Soargje dat wy sakje op de list fan hege wenlêsten heart hjir ek by, krekt lyk as immen dy't sûnder wurk sit, helpe om in eigen bedriuw te begjinnen. Duorsum is net allinne nei wynenerzjy sjen. It rendemint fan wynmûnen wurdt neffens deskundigen binnen koarte tiid ynhelle troch oare foarmen fan enerzjy.
\"FNP-riedsleden binne altyd ree om minsken ried te jaan. Wy wolle ek in iepen each en ear hawwe foar it ferieningslibben yn ús gemeente. Wy dogge net mei oan besletten gearkomsten dêr't beslúten nommen wurde\", sei Hijma, \"dat litte wy graach oan oaren oer\".
It is de FNP ek dizze kear wer slagge om mei in kandidatelist te kommen dy,t besjen lije kin . Foar minsken dy,t mear witte wolle www.fnp-ferwerderadiel.nl