Nieuws
op woensdag 04 maart 2009
Geen windmolens in Tytsjerksteradiel
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
BURGUM - It kolleezje fan Tytsjerksteradiel hat besletten om de pilot mei lytsskalige enerzjy-opwekking (wâldmûntsjes) net troch te setten. It docht bliken dat de ferwachte opbringst fan de Wâldmûntjes te leech is.
Undersyk nei lytsskalige wynenerzjy
Yn de duorsumensnotysje ‘it kin oars....it moat oars' dy't yn ‘e maitiid fan 2008 troch de gemeenteried fêststeld is, is bot omtinken jûn oan it besparjen op it brûken fan enerzjy en dêrtroch oan it werombringen fan it útstjitten fan CO2. Under it motto ‘de oanfal is de bêste ferdigening' is der neist dy wat definsive oanpak ek sjoen nei alternative enerzjy-opwekking, yn de foarm fan lytsskalige wynenerzjy.
Wâldmûntsjes
Ferskate fabrikanten joegen heech op fan harren ynnovative produkten, faak turbines mei in fertikale as. Dy soene stiller wurkje, minder gefoelich wêze foar it draaien fan ‘e wyn en dêrtroch mear opbringst ha en sokssawat. En dus poer geskikt wêze foar beboude gebieten. Hoewol't guon kenners harren twivels hiene en dy lûden fansels ek yn de gemeenterie trochkrongen, hat it kolleezje doch miend in stúdzje dwaan te moatten nei de mooglikheden. Under de namme wâldmûntsjes waard in projekt oankundige en oppikt troch de parse. En dêrtroch ek troch it publyk. Der kamen fuortdaliks tsientallen reaksjes by de gemeente binnen fan minsken dy't meidwaan woene oan in pilot of dy't fuortdaliks in boufergunning foar in mûntsje ha woene. Blykber (lokkich) libbet de klimaatproblematyk breed yn de mienskip.
Proef
It ôfrûne jier is yn ‘e mande mei de provinsje ynearsten in opset makke foar in lytse proef fan 4 turbines by de ûntslutingsdyk fan de miljeufreonlike wenwyk ‘it Súd 2' yn Hurdegaryp. De definitive kar foar it type mûntsje soe ôfhingje fan de útkomst fan in proef yn Seelân.
Dêr oan de kust yn Seelân wie in opstelling makke fan 11 ferskillende mûntsjes dy't ûnder gelikense omstannichheden ferlikene wurde soene. De útkomsten oer it earste healjier binne yn it lêst fan 2008 bekend makke. De bêste wie in tradisjonele trijewjukker mei in kilowatt-oere priis fan € 0,35. Mar dy foldie net oan de ynnovaasje-easken. It ‘stêds'mûntsje dat it bêste prestearre wie de ‘Energy Ball' mei in kilowatt-oere priis fan € 4,91. Dat liket fansels nearne nei. De kilowatt-oere priis fan gewoane stroom is hjoeddedei € 0,25. As men dan betinkt dat de ferwachte opbringst yn de Fryske Wâlden miskyn mar in tredde part is fan dy fan de geunstige lokaasje oan de Sieuske kust, dan wit men ek fuortdaliks hoe fier as it is. It kolleezje hat dêrom besluten de pilot net troch te setten. Spitich, mar it is net oars......