Nieuws
Gemeente Achtkarspelen op woensdag 01 september 2010
Buitenpost Achtkarspelen
Boargemaster Van der Zwan dielt earste úttreksel GBA út
Deel met vrienden & familie
Plaats dit artikel op je eigen pagina:
BÛTENPOST - Tegearre mei in bosk blommen hat frou M. van der Heide út Surhústerfean hjoed it earste úttreksel yn it Frysk en yn it Nederlânsk út de Gemeentlike Basisadministraasje en Persoansgegevens (GBA) krigen fan boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen. Achtkarspelen rikt sûnt 1 september 2010 altyd de gegevens út de GBA yn twa talen út.
Sûnt 1 augustus 2010 koe dit al op fersyk. It giet bygelyks om in bewiis dat de persoan ynskreaun stiet yn de gemeente, in ferklearring fan yn libben wêzen of in ôfskrift dêr’t de nasjonaliteit fan de persoan út bliken docht. Achtkarspelen is de earste gemeente yn Fryslân dy’t dûbeltalige GBA-úttreksels útjout.
It útjaan fan dûbeltalige úttreksels is in inisjatyf fan de riedswurkgroep Frysk yn Achtkarspelen, dy’t elts jier nije aktiviteiten op it mêd fan it Frysk taalbelied betinkt.
foto makke troch B.L. Katsma